Ungelok troch dronken Grinzer

20 mrt 2011 - 15:53

In 24-jierige man út Bellingwolde hat sneontemiddei in oanriding feroarsake op it ferkearsplein by De Jouwer en hat nei in achterfolging troch de plysje de jûns noch in famke oanriden yn it Grinzer Zuidbroek. De man foel op troch syn agresive riden en feroarsake dêrnei in oanriding wêrtroch't in betonblok skea oprûn.

De man waard yn Grinslân troch de plysje opwachte. Hy naaide út en ried yn Zuidbroek noch in 14-jierrich famke oan dat swierferwûne rekke.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)