Drankriders op 'e Harkema

In 56-jierrige frou út De Harkema is sneontenacht har rydbewiis kwytrekke foar it riden mei drank op. Plysjes seagen de frou oer de hiele breedte fan de Nijebuorren riden en holden har oan. It slagge har net om te blazen en dêrom waard op it buro bloed ôfnaam. Mei proses-ferbaal en in rydferbod mocht se it buro ferlitte.
Letter dy nacht waard op 'e Harkema ek it rydbewiis fan in 37-jierrige snorfytser út Droegeham ynnaam. Hy hie ek tefolle dronken.