Winkeldieven yn De Centrale

20 mrt 2011 - 14:14

Yn winkelsintrum De Centrale yn Ljouwert hat de plysje sneon twa Litouske froulju fan 20 en 21 jier en in Litouske man fan 26 jier oanholden op fertinking fan winkeldieverij.

It trio waard troch it personiel trappearre doe't se mei help fan in preparearre tas elektroanika besochten te stellen. De trije waarden oerdroegen oan de plysje en foar neier ûndersyk ynsletten.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)