Ynbraak yn jeugdsoas Akkrum

20 mrt 2011 - 14:04

Yn de jeugdsoas oan de Spikerboor yn Akkrum is freedtenacht ynbrutsen. De ynbrekkers hiene in gat yn de bûtenwand makke om deryn te kommen. Ut de soas binne jild en meardere flessen mei drank fuorthelle.

In 18-jierrige Akkrumer hat oanjefte dien. De plysje ûndersiket de saak en de technyske resjerzje hat yntusken spoare-ûndersyk dien.

Trefwurden: 
argyf
(advertinsje)