Alders yn aksje foar skoalle

20 mrt 2011 - 10:36

Alders fan de Sint Ludgerusskoalle yn Warkum dogge mei klam in berop op de gemeente Súdwest Fryslân om de húsfesting fan de skoalle oan te pakken. Neffens de School Advies Commissie, de âlderferiening en de meisizzenskipsried is fan in goeie húsfesting al jierren gjin sprake mear.

De eardere gemeente Nijefurd hie al in beslút naam oer nijbou, mar de nije gemeente Súdwest Fryslân wol earst ûndersyk dwaan nei in brede skoalle.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)