FNP wol beammen behâlde

20 mrt 2011 - 10:29

De FNP-fraksje yn Boarnsterhim wol dat de beammen oan de Beslingadyk Súd en de Van Sytzemawei by Friens op de list komme fan weardefolle beammen en beamstruktueren. Neffens de gemeente hawwe de beammen gjin ekstra wearde.

Neffens de FNP is de Beslingadyk in karakteristike tagongsdyk nei Friens ta. As de beammen oan de súdkant kapt wurde, wurdt dat karakter oantaast, seit de partij. De FNP wol dat it kolleezje mei Pleatslik Belang Friens om tafel giet om in oplossing te finen.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)