Seizoen Hearrenfean mislearre

20 mrt 2011 - 00:15

It seizoen fan SC Hearrenfean is nei it 4-2 ferlies by Heracles Almelo deablet. Thúsploech Heracles wie it grutste part fan de wedstriid better en folle produktiver troch mear agresje. Nei de 1-0 fan Everton makke Mika Väyrynen de 1-1. Krekt foar it skoft waard it 2-1 troch Armenteros.

Van der Linden en Douglas makken der binnen in pear minuten 4-1 fan. Philip Haglund bepaalde de einstân op 4-2. De Feansters sakken nei it alfde plak en kinne de neikompetysje wol ferjitte.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)