Brúnfisk oanspield op Flylân
Op it strân fan Flylân is sneontemiddei in brúnfisk oanspield. It giet om in wyfke fan in lingte fan 1.56 meter. It bist hie ferskate ferwûnings, ûnder oare twa happen út de sturt.
De brúnfisk leit no yn de friezer by Steatsboskbehear. De seehûnekresj yn Pieterburen nimt nije wike tiisdei it bist mei foar ûndersyk. Mooglik wurdt dan mear dúdlik oer de deadsoarsaak.