Plysjeman heart rút kinkeljen

19 mrt 2011 - 14:43

De plysje yn Snits hat yn de nacht fan freed op sneon trije fernielers oanhâlden. In plysjeman dy't thús lei te sliepen waard wekker fan it lûd fan in rút dat fernield waard. De man seach trije manlju fuortrinnen.

De plysjeman seach ek dat se in winkelrút fan de promenade oan de Houkesleat fernield hiene. Hy gie der op 'e fyts achteroan en warskôge syn kollega's. Dy hienen de twa Snitsers fan 25 en 28 jier en in 25-jierrige man út Oppenhuzen gau te pakken.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)