'Boerebedriuw breder ynsette'

Foto: Omrop Fryslân
Boeren yn Noard-Nederlân kinne it bedriuw folle breder ynsette om jild te fertsjinjen. Dat seit foarsitter Roel Cazemier fan 'e Taskforce Multyfunksjonele Lânbou. Dy organisaasje is yn 2007 oprjochte op oantrún fan 'e Twadde Keamer.
Boeren yn it Noarden dogge yn trijekwart fan 'e gefallen as ekstra oan agrarysk natuerbehear. Yn de rest fan Nederlân ferkeapje se folle faker streekprodukten. De Taskforce rjochtet him op ferbreding fan 'e lânbou.