Pjut fêst yn trekkerke

19 mrt 2011 - 12:48

In jonkje fan twa jier út Grou is sneon operearre nei't er mei de holle op syn boartersguodtrekker fallen wie. It ûngelok barde op it hiem fan in pleats oan it Leechlân. It trekkerke kaam fêst te sitten oan syn holle. It boartersguod is yn it sikehûs yn Ljouwert losmakke.

De helptsjinsten giene massaal op 'en paad om't earst tocht waard dat it jonkje ûnder in grutte trekker telâne kaam wie.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)