'Zachte zandmotor' úteinset

18 mrt 2011 - 21:24

By de Warkumerwaard is freed it projekt de Zachte Zandmotor offisjeel úteinset. Yn dat projekt sil goed 20.000 kúb sân yn de Iselmar stoart wurde. De bedoeling is dat golven, yn kombinaasje mei lân-oanwinningswurk der foar soarget dat de kust stadichoan ophege wurdt. Dat is nedich fanwege plannen om it wetterpeil te ferheegjen.

Dizze wike wurde der hûnderten houten peallen yn it wetter setten. Oer ûngefear in moanne wurdt it sân stoart.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)