Earste ljipaai Achtkarspelen

18 mrt 2011 - 19:03
Boargemaster Van der Zwan en Tjeerd de Jong

It earste ljipaai fan Achtkarspelen is freedtemiddei tsjin healve fiven fûn. De 57 jierrige Tjeerd de Jong fan Droegeham fûn it aai oan de Reaskuorre by De Harkema.

Boargemaster Van der Zwan fan Achtkarspelen hat it aai yn ûnfangst naam en it finerslean fan 15 euro en de oarkonde oan De Jong oerlange.

Trefwurden: 
argyf
(Advertinsje)
(Advertinsje)