Gjin soargen natuergebiet

18 mrt 2011 - 17:56

Direkteur Matser fan it Van der Valk Hotel yn Snits sjocht foar de fûgelwacht yn Snits gjin reden om har soargen te meitsjen oer it natuergebiet by de Broeresleat.

Neffens Matser komt der allinnich in oanlissteger. Dit is nedich omdat besikers fan it hotel oars mooglik de boaten yn de reidkragen lizze en dwerstroch it Rasterhofpark nei it hotel rinne. Dat is ferline jier in pear kear bard.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)