Kneppel 'ferbean wapen'

18 mrt 2011 - 17:14

In 43-jierrige ynwenner fan It Hearrenfean is freed troch de plysje oanhâlden foar ferbean wapenbesit. Hy wie foar in petear op it plysjeburo. In plysjeman dy't krekt fuortgie, seach yn de auto fan de man in kneppel lizzen. De man ferklearre dat er dy brûkte om de matten yn 'e auto mei út te slaan.

De plysjes twifelje oan syn ferhaal en hy waard oanhâlden. Omdat er ek noch foar in pear oare saken ûnderfrege wurde moat, sit er foarearst fêst.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)