Earste ljipaai Dantumadiel

18 mrt 2011 - 14:21
Pieter Wouda mei it earste ljipaai by de boargemaster

Pieter Wouda fan Ie hat it earste ljipaai fan Dantumadiel fûn oan 'e Wâlddyk tusken Ie en Driezum. Hy hat it aai freedtemoarn om healwei tolven oanbean oan boargemaster Aalberts fan Dantumadiel.

Pieter fûn it aai tegearre mei syn heit Livius Wouda. Syn heit hat yn 1972 en yn 2007 ek al it earste ljipaai fan 'e gemeente Dongeradiel fûn.

Trefwurden: 
argyf
(Advertinsje)
(Advertinsje)