Lêste kâns SC Hearrenfean

18 mrt 2011 - 14:05
Foto: Omrop Fryslân

De Sportklup Hearrenfean moat sneontejûn yn Almelo tsjin Heracles beslist winne om sicht te hâlden op de neikompetysje. By ferlies of in puntedieling liket it seizoen dea te blieden.

Trainer Ron Jans kin gjin berop dwaan op de skorste Calvin Jong-A-Pin en de oan syn skouder blessearre Viktor Elm. Ek Filip Djuricic, lilk fuortrûn fan de training, en Milan Kopic, knibbelblessuere, binne net beskikber.

Trefwurden: 
argyf
(Advertinsje)
(Advertinsje)