Earste ljipaai Littenseradiel
Anton Folkerts fan Easterlittens hat it earste ljipaai fan de gemeente Littenseradiel fûn. Folkerts fûn it aai freedtemoarn by it fiadukt tusken Winsum en Easterlittens.
Hy hat it freedtemiddei oanbean oan boargemaster Liemburg. Folkerts krige in oarkonde en it finerslean fan fyftjin euro.