Den Haag wol nij Thialf

Foto: Omrop Fryslân
De PVV wol dat De Uithof yn Den Haach it plak ynnimt fan Thialf. Neffens Richard de Mos, gemeenteriedslid yn Den Haach, leit der no in kâns om Thialf as reedrydtimpel foarby te stribjen om't der in flinke nijbou nedich is.
De nijbou soe neffens de PVV ek yn Den Haach plakfine kinne. Dêrmei soene alle grutte ynternasjonale reedrydeveneminten ek nei Den Haach komme kinne.