Frou op fyts kriget klap

18 mrt 2011 - 10:38

De plysje siket tsjûgen fan de mishanneling fan in 21-jierrige frou út Ljouwert. Se waard moandeitemoarn op de Noarderwei yn Ljouwert troch in oare fytser ôfsnijd. Doe't se dêr in opmerking oer makke, sloech de man har tsjin de holle. Dêrnei is de frou fuort fytst.

De plysje wol graach yn kontakt komme mei minsken dy't it foarfal sjoen hawwe. De fertochte is in blanke man fan tusken de 40 en 50 jier. Hy hie in bril en in donkere pet op.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)