Bestellen by pinautomaat

18 mrt 2011 - 10:19

In 54-jierrige frou út Ljouwert is tongersdei yn de stêd fan har jild bestellen. Sy hie by de pinautomaat oan de Borniastrjitte krekt jild opnaam, doe't in har ûnbekende man op har ôfkaam. Hy easke it jild op. Se joech him dat en begong doe hurd te razen.

Omstanners hawwe de frou holpen, mar de oerfaller koe net mear achterhelle wurde. De plysje freget tsjûgen oft se harren melde wolle.

Trefwurden: 
argyf
(Advertinsje)
(Advertinsje)