Bern mei luchtbuks besketten

18 mrt 2011 - 09:56

Yn Wolvegea is tongersdei in 26-jierrige man út Boalsert oanhâlden omdat er mei in luchtbuks op bern sketten hie. Dy wiene de middeis oan it boartsjen by de drafbaan oan de Heirwei, doe't der in auto stilstean bleau. Der stapten twa minsken út. Ien fan har hie neffens de bern in wapen yn 'e hannen en begûn op harren te sjitten. De bern naaiden hurd út en warskôgen heit en mem. Dy hawwe de plysje belle. De plysje koe de man gau oanhâlde.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)