Froulju Hearrenfean ferlieze

© Omrop Fryslân
De froulju fan SC Hearrenfean hawwe tongersdeitejûn de thúswedstryd tsjin ADO Den Haach mei 2-0 ferlern. De doelpunten fan de Hagenaars foelen yn de lêste minuut fan sawol de earste as de twadde helte.
Koprinner FC Twente liet ek punten lizze. Yn de útwedstryd tsjin FC Utrecht bleaunen de Tukkers stekken op 1-1. Hearrenfean sakket troch it ferlies fan it twadde nei it fjirde plak, trije punten achter Twente. Den Haach stiet twadde op ien punt.