Takomst Koornbeurs ûndúdlik

18 mrt 2011 - 06:23

It is noch net dúdlik oft teater De Koornbeurs yn Frjentsjer ekstra jild krijt fan de gemeente. Boargemaster en wethâlders fan Frjentsjerteradiel ha dêr noch net in beslút oer naam.

De Koornbeurs wol jierliks 55.000 euro ha om de begrutting slutend te krijen. It kolleezje wol dat net sa mar dwaan. De gemeente hat it teater de ôfrûne trije jier jierliks 80.000 euro jûn om de saak finansjeel op oarder te krijen, mar dat hat it teater net út de problemen holpen.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)