VC Snits hellet bekerfinale

17 mrt 2011 - 23:09

Foar it earst sûnt 19 jier hawwe de follybalsters fan VC Snits de bekerfinale helle. Yn de heale finale wie de ploech fan coach Petra Groenland yn de returnwedstriid mei 3-1 te sterk foar DOK Dwingeloo.(setstannen 19-25,18-25,25-20 en 9-25).De earste wedstriid waard yn Snits mei deselde sifers wûn.

De bekerfinale wurdt op 10 april spile yn Almere. VC Weert is dan de tsjinstanner. Dy ploech wie oer twa wedstriden te sterk foar Pollux.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)