Soargen oer natuergebiet

17 mrt 2011 - 22:04

De fûgelwacht yn Snits makket him grutte soargen oer it natoergebiet by de Broeresleat oan de râne fan de stêd. Dat natoergebiet is yn hannen fan it nije Van der Valk hotel. De eigner fan it hotel wol yn it natoergebiet in lyts haventsje oanlizze en hat derfoar in oanfraach dien by de gemeente.

Hoewol't dat giet om mar in lyts plan is de fûgelwacht benaud dat der noch folle mear achterwei komt.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)