Stipe foar iishal Ljouwert

De Ljouwerter iishal is ta oan fernijing
Kommissaris fan de Keninginne John Jorritsma en KNSB foarsitter Doekle Terpstra moatte har net allinnich ynsette foar in nij Thialf, mar ek foar in nije iishal yn Ljouwert. Dat seit direkteur Johan van der Kooi fan de Ljouwerter iishal. De baan yn Ljouwert is ta oan fernijing.
Neffens Van der Kooi moat der in nije baan fan 330 meter komme foar de breedtesport. Dat is in goeie oanfulling op de 400 meter wedstrydbaan op It Hearrenfean.