'Riedshearen net partijdich'

17 mrt 2011 - 17:00

De riedshearen fan it Ljouwerter Gerjochtshôf hawwe net partijdich west. Dêrom wiist it hôf in saneamd 'wrakingsfersyk' yn de saak tsjin in man út Sweagerbosk ôf. Sa'n fersyk om oare rjochters komt by it Gerjochtshôf hast nea foar. De riedshearen soene de saak behannele hawwe sûnder dat se it strafdossier kenne, neffens de advokaat. Mar it Hôf wiist dy oanklacht no ôf.

De Sweagerbosker sit fêst om't er op in skoalplein mei in mes swaaid hie.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)