Stille tocht foar Reidsma

17 mrt 2011 - 15:52

Fyftich minsken hawwe tongersdei yn Ljouwert meirûn yn in stille tocht foar Eeuwke Reidsma. Hy waard ferline wike freed op 'e fyts deariden troch in dronken automobilist (39). Kollega's fan Reidsma organisearren de tocht foar Eeuwke en tsjin alkohol. It gie fan it Cambuurstadion nei it plak der't de Ljouwerter om it libben kaam.

Reidsma syn dochter fytste op de jûn njonken har heit en rekke swier ferwûne. Yn in rolstoel wie se by de tocht oanwêzich.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)