Earste ljipaai Boarnsterhim

17 mrt 2011 - 14:36

It earste ljipaai fan de gemeente Boarnsterhim is tongersdeitemiddei fûn troch Melle van der Meer (37) út Sumar. Hy fûn it aai tsjin healwei ienen yn in stik lân by de Fonejachtbrêge by Warten.

It aai is oanbean oan loko-boargemaster De Haan-Laagland fan Boarnsterhim.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)