Earste aai Gaasterlân-Sleat

Argyffoto Omrop Fryslân
De 63-jierrige Marten Brouwer fan Sleat hat tongersdeitemoarn krekt nei healwei achten it earste ljipaai fan 'e gemeente Gaasterlân-Sleat fûn. Brouwer fûn it ientsje yn in greide by De Jerden by Sleat. It aai is tongersdeitemoarn oanbean oan boargemaster Hoornstra. Brouwer krige in oarkonde en tsien euro finerslean.
Yn 1999 en 2007 waard it earste ljipaai fan Gaasterlân-Sleat ek troch Brouwer fûn.