Poldervaart kin net útwreidzje

Foto: Omrop Fryslân
Restaurant De Gastronoom yn Harns mei foarearst net ferhúzje nei it Havenmantsje. Dat hat de gemeenteried fan Harns bepaald. Kok Marco Poldervaart woe syn restaurant oerbringe nei it histoaryske gebou sadat er útwreidzje koe.
De gemeenteried wol no dat der earst in bestimmingsplan komt foar it gebiet. Wat dat foar de plannen fan Poldervaart betsjut, is noch ûndúdlik. Hy sil ynkoarten mei de wethâlder oerlizze oer de saak.