Gaslek yn Drachten

17 mrt 2011 - 11:33

Der hat oan de ein fan de moarn in gaslek west yn in flatgebou oan it Kiryat Onoplein yn Drachten. It gaslek ûntstie by wurksumheden. Nei alle gedachten is dêrby troch in lieding hinne board. Ien fan de wenningen kaam fol gas te stean.

Yntusken is de haadkraan ôfsletten en is it gefaar foarby. De brânwacht hat de wenning dy't fol gas rûn wie iepen set.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)