Slingerjend ride: oanhâlden
In frou út Blije is woansdei yn Ljouwert oanhâlden foar gefaarlik riden. Se ried slingerjend oer de Tsjalkstrjitte. De plysjes sprutsen de frou oan, mar se kaam dizenich oer.
De frou waard meinaam nei it plysjeburo. Dêr hat in dokter har bloed ôfnaam. Wat der no krekt wie, is noch net bekend. Yn alle gefallen mocht de frou net fierder ride.