Piramidewente útbaarnd

17 mrt 2011 - 10:57

In piramidewente oan de Eendekroos yn Drachten is woansdeitenacht hast hielendal útbaarnd. It dak gie dêrby ferlern en de rest hie in soad wetterskea.

De bewenner siet ûnder televyzje te sjen, doe't ynienen de stroom útfoel. De man gie nei boppen ta om te sjen wat der wie. Doe stie it dêr al yn 'e brân. De eigner koe de auto noch op 'e tiid út de garaazje ride. De brânwacht hat mei twa blusweinen en in ljedderwein de hiele nacht dwaande west.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)