Earste ljipaai Súdwest-Fryslân

Argyffoto Omrop Fryslân
Herre Gaastra fan De Hommerts hat woansdeitejûn it earste ljipaai fan de gemeente Súdwest-Fryslân fûn. Hy fûn it om healwei sânen by de Sânsleat yn in stik lân by De Hommerts.
Boargemaster Hayo Apotheker sil it aai tongersdeitemiddei yn ûntfangst nimme. It moat noch wol lottere wurde. As it aai yn de skaal mei wetter sinkt, betsjut it dat it farsk is. Giet it lotterjen goed, dan krijt Gaastra in oarkonde en tsien euro finerslean.