Learlingferfier: winterbannen

© Omrop Fryslân
De taksybuskes fan it learlingferfier yn Ljouwert moatte tenei winterbannen hawwe. Wethâlder Thea Koster seit dat dat opnaam wurdt by de oanbesteging fan it ferfier. De fraksje fan PAL-GrienLinks hie dêrom frege.
De lêste twa lange winterperioaden hiene de taksys net allegear winterbannen. Alden fan 'e bern makken har dêr soargen om. It kontrakt mei de Ljouwerter Taksy Sintrale hâldt op 1 augustus op. Dêrnei moat it ferfier opnij oanbestege wurde.