Aksje foar master Lekkum

16 mrt 2011 - 19:11

De âlden fan de Professor Wassenberghskoalle yn Lekkum komme yn aksje foar master Jaap Oostra. Master Jaap hat dien krigen fanwege de finansjele tekoarten by de oerkoepeljende organisaasje Proloog, mar dat wolle de heiten en memmen fan de bern dy't by him yn de klasse sitte net lije.

Dêrom hingje der no rûnom yn de skoalle posters mei dêrop de oprop om de master te adoptearjen.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)