Orfeo Aqua yn paleistún

16 mrt 2011 - 15:08

De opera Orfeo Aqua wurdt op 'e nij yn it wetter opfierd. Dizze kear net yn Fryslân. lykas mei Simmer 2000, mar yn de fiver fan paleis Soestdijk yn Baarn. De opera Orfeo Aqua fan Tryater luts doe midden yn de nacht kloften minsken nei de Bombrekken by Warkum.

Yn Baarn binne it foar in grut part deselde sjongers en akteurs dy't it ferhaal fan de tragyske leafde fertelle. Regisseur is ek wer Jos Thie. De foarstellings yn de paleistún binne fan 3 juny oant 23 july.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)