Helphûn dochs nei Japan

16 mrt 2011 - 11:32

De frou út Holwert, dy't mei speurhûnen yn Japan op syk sil nei slachtoffers fan de ierdbeving en tsunami, stapt woansdeitemiddei op it fleantúch. De frou makket diel út fan in groep fan fjouwer minsken en like folle hûnen.

Earder wie it doel om moandei al nei Japan te gean, mar dat waard útsteld fanwege de kâns op neiskokken. It team wit noch net krekt wêr't yn Japan socht wurde sil. Der is al wol ferfier beskikber.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)