Trinus Riemersma ferstoarn

16 mrt 2011 - 11:07

Skriuwer Trinus Riemersma is tiisdeitejûn let ferstoarn. Hy is 72 jier wurden. Riemersma wûn twa kear de belangrykste Fryske literatuerpriis, de Gysbert Japicxpriis. Dat wie foar syn debút Fabryk (1964) en De Reade Bwarre (1992). Dy roman skreau Riemersma yn syn eigen stavering.

Riemersma rjochte de Koperative Utjouwerij op en begûn letter mei Josse de Haan útjouwerij Venus. Hy skreau romans, poëzij en toaniel. Riemersma is oan kanker ferstoarn.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)