Himpkwekerij oprôle

16 mrt 2011 - 10:29

De plysje hat woansdeitemoarn in himpkwekerij oprôle yn de Heer Ivostraatje yn Ljouwert. De kwekerij wie op de souder fan de farvewinkel, flak neist it gebou dêr't no in plysjepost ynrjochte wurdt. De 600 planten ha in wearde fan 100.000 euro.

De eigners, in echtpear fan 50 jier, en in 34-jierrige hierder binne oanhâlden. Neffens de plysje hat der sprake west fan in gefaarlike situaasje. De planten en spullen fan de kwekerij binne yn beslach naam.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)