Noch twa oerfallers fêst

© Omrop Fryslân
Fan de fiif minsken dy't tiisdei oanhâlden binne nei de oerfal op in juwelier yn Ljouwert sitte noch twa minsken fêst. Der wiene fjouwer Ljouwerters (18, 19, 30 en 47 jier) en in frou (39) út Feanwâlden oanhâlden. Se binne allegear oerbrocht nei it plysjeburo.
Nei ûndersyk die bliken dat de frou en twa manlju fan 30 en 47 net belusten wiene by de oerfal. De twa mannen fan 18 en 19 binne foar neier ûndersyk ynsletten.