Winkelstrjitte Balk toch ticht

16 mrt 2011 - 07:53

De belangrykste winkelstrjitte fan Balk - De Van Swinderenstrjitte - wurdt dizze simmer by wize fan eksperimint yn it wykein ôfsletten foar auto's. Dat hat de ried fan Gaasterlân-Sleat tiisdei besletten.

De ûndernimmers wiene tsjin it plan. Sy wolle de strjitte iepen hâlde, om't se benaud binne dat de klanten fuortbliuwe. De gemeente sil mei harren yn oerlis om de plannen út te wurkjen en it eksperimint sil nei ôfrin ek mei harren evaluearre wurde.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)