Proef wiete polder slagge

It eksperimint mei de Soestpolder fan Steatsboskbehear is slagge. De polder oan de Burgumermar hat in moanne ûnder wetter stien om te testen hoe't de skuven en ynlaten wurkje as de polder as oerrin brûkt wurde moat.
As it wetter yn it Margrietkanaal te heech komt, kin it oerrinne yn de Soestpolder. Der kamen in soad greidefûgels op de ûnderstrûpte polder ôf. Yn oktober wurdt de polder opnij blankset. Steatsbosk soe graach mear polders ûnder wetter sette wolle.