Oerfal:sechde fertochte oppakt

15 mrt 2011 - 16:46

Yn de saak fan 'e oerfal op juwelier Kramer op de Nijstêd yn Ljouwert is tiisdei in sechde fertochte oanhâlden. It giet om in 30-jierrige man út Ljouwert. Der binne no mei-inoar seis minsken oanhâlden yn dizze saak.

Ien dêrfan is in 15-jierrige jonge út Ljouwert dy't him ferfelend gedroech by de ôfsetting. De plysje wit yntusken ek dat der sieraden stellen binne, mar hoefolle is noch net dúdlik. Der is noch neat weromfûn fan de bút.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)