Oplieding wynenerzjy oan NHL

15 mrt 2011 - 15:39

Op fyftich meter hichte joech de NHL tiisdei yn Harns it startskot foar de nije oplieding Offshore Windenergie. De start wie boppe yn in wynmûne. De NHL hat in primeur yn Nederlân mei dizze ôfstudearrjochting, dy't him rjochtet op de technyk fan wynmûneparken op see.

Neffens ôfdielingshaad Engineering Angela Schat fan de hegeskoalle is de ferwachting dat minsken dy't dizze oplieding dogge, wis binne fan wurk.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)