Oerfal: plysje pakt fertochten

15 mrt 2011 - 12:08

De plysje hat tiisdei fjouwer manlju út Ljouwert en in frou (39) út Feanwâlden oanhâlden yn ferbân mei de oerfal op in juwelier oan de Nijstêd yn Ljouwert. Twa manlju pleegden tsjin healwei alven in wapene oerfal, dêrnei naaiden se út op in skooter.

Omstanners ha besocht de fertochten tsjin te hâlden, mar dat slagge net. Ien fan dy omstanners rekke dêrby ferwûne. Omdat der in dúdlik sinjalemint wie, koene de fiif fertochten oanhâlden wurde.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)