Stroomsteuring Ljouwert foarby

15 mrt 2011 - 11:01

De grutte stroomsteuring yn Ljouwert wie tiisdei even nei 10.30 oere ferholpen. Doe hie eltsenien wer stroom. Tiisdei om 07.45 oere kamen sa'n 12.000 húshâldens yn Ljouwert sûnder stroom te sitten, neidat by de Skinkeskâns twa transformatoaren útfoelen. It ferkear dat fanút Drachten en It Hearrenfean Ljouwert yn moast hie dêr lêst fan, omdat de ferkearsljochten it net diene.

By Werpsterhoeke, Drachtsterplein en Oostergoplein ûntstiene lange files.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)