Aldere Friezen bestellen

15 mrt 2011 - 10:42

De plysje ûndersiket de stellerij út de huzen fan in tal âldere Friezen. Moandei prate in ûnbekende frou harsels binnen by in ynwenster (80) fan De Jouwer. Dy ûntduts jûns dat in part fan har sieraden fuort wie. It selde barde by in âlder echtpear yn Surhústerfean. By harren waarden twa jildkistjes fuortnaam.

Dy waarden letter yn it doarp weromfûn, nei alle gedachten hat de dieder se fuortgoaid omdat der allinne papieren yn sieten.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)